Urine

Urine (fan it Latynske urina) is in lichemsfloeistof mei dêryn oploste ôffalstoffen en oerstallige stoffen, dy't troch minsken en alle oare wringedieren fia de urinewegen útskaat wurde by it pisjen. "Urine" is in wat deftich, hoewol hieltyd normaler wurdende oantsjutting. Yn 'e gewoane sprektaal neamt men dizze substânsje almeast pis, in term dy't yn it Frysk (oars as yn it Nederlânsk) folslein fatsoenlik is. De urine fan bisten wurdt yn 'e regel miich neamd, in term dy't ek wol foar minsklike urine brûkt wurdt, mar dan in ûnfatsoenlike lading hat. Bistemiich fermongen mei dong hjit jarre.
De ôffalstoffen yn urine binne ôfkomstich fan 'e stofwikseling, en wurde troch de nieren út it bloed filtere. De urine wurdt dêrnei opslein yn 'e urineblaas (ornaris koartwei "blaas" neamd). Ut en troch wurdt de blaas lege troch te pisjen, wêrby't de urine fia de urinebuis út it lichem rint. De útein fan 'e urinebuis sit by froulju yn 'e fulva en by manlju yn 'e penis.
Urine bestiet foar it grutste part út wetter, mar befettet ek yn wetter oplosbere stoffen, benammen ureum en anorganysk sâlten. Urobiline en porfyrine soargje foar de karakteristike giele kleur. Wannear't immen in hiel soad drinkt, moat dy persoan dêrtroch ek faak pisje. De oplosbere stoffen wurde dêrtroch sterk fertinne, sadat it wettergehalte fan 'e urine sterk ferhege wurdt. Dêrtroch ferliest de urine syn giele kleur en kriget it itselde gebrek oan kleur as wetter. Oarsom is de earste urine nei in nacht sliep moarns dûnkerder giel om't dêryn de oplosbere stoffen mear konsintrearre binne.
In ôfwikende kleur fan 'e urine, bygelyks fiersten te dûnker, kin in symptoom fan sykte wêze of in yndikaasje fan swierens of dopinggebrûk. Urine befettet by sykte soms bestândielen dy't der ornaris net yn sitte, of oars ôffalstoffen dy't wol gongber binne, mar yn ôfwikende konsintraasjes. Klinysk gemysk ûndersyk kin dêr útslútsel oer jaan.
De tûke fan 'e genêskunde dy't ûndersyk docht nei urine en de urinewegen, en teffens nei de geslachtsorganen fan 'e man, is de urology.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
