Springe nei ynhâld

Sperma

Ut Wikipedy
Minsklike siedsellen tûzen kear fergrutte.

Sperma (fan it Latynske sperma, mei deselde betsjutting) of sied is in troch manlju en manlike bisten produsearre lichemsfloeistof dy't as primêr bestânsdiel siedsellen (spermatozoïden) hat.

By sûchdieren (wêrûnder de minske) wurde de siedsellen oanmakke yn 'e testikels (siedballen) en rypje se yn 'e byballen. By in ejakulaasje (siedútstoarting) wurde de siedsellen dêrwei troch de siedlieders dreaun, dêr't se har ferminge mei floeistoffen dy't produsearre wurde yn 'e siedblaaskes en de prostaat. It resultearjende mingsel is sperma. By de minske befettet sperma foar 1–3% siedsellen; de rest is siedfocht, in fiedingsryk plasma dat bedoeld is om siedsellen bûten it lichem langer yn libben te hâlden en in gruttere mobiliteit te jaan. It sperma wurdt troch de urinebuis laat en komt sa fia de penis út it lichem. De libbensdoer fan siedsellen bûten it minsklik lichem bedraacht maksimaal (ûnder de geunstichste omstannichheden) 2 oeren.

In ejakulaasje giet ornaris mank mei in orgasme, mar is dêr net synonym mei. In trochsneed ejakulaasje befettet 3–5 ml oan sperma (likernôch in naairing fol). Dêryn sitte normaal sprutsen 100–200 miljoen siedsellen. Dat binne 30–50 miljoen de mililiter. As in ejakulaasje mank giet mei (heteroseksuele) geslachtsmienskip, is der sprake fan ynseminaasje: it ynbringen fan sperma yn it lichem fan 'e partner. De siedsellen "swimme" dan mei in faasje fan 1–3 mm yn 'e oere nei in aaisel. As se dy witte te berikken, kin befruchting plakfine: it ferranen fan in siedsel mei de aaisel om in sygoate te foarmjen, dy't him ûntwikkelje kin ta in embryo.

Sperma kin, as it ynferzen wurdt, jierren goedbliuwe. It kin dan brûkt wurde foar keunstmjittige ynseminaasje (better bekend ûnder de Nederlânsktalige ôfkoarting K.I.). Ynferzen sperma fan beskate bisten dêr't mei fokt wurdt, lykas bollen en hynsten, wurdt ynternasjonaal hannel yn dreaun. Foar sperma fan populêre bollen en hynsten wurde faak grutte bedraggen jild delteld.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.