Oświęcim
| Oświęcim | ||
| De Grutte Merk (Rynek) yn Oświęcim | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Woiwodskip | Lyts-Poalen (Małopolskie) | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 37.569 (2023) | |
| Oerflak | 30 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.252 ynw./km² | |
| Hichte | 230 m | |
| Oar | ||
| Stifting | ± 1179 | |
| Postkoade | 32-600 oant 32-606 | |
| Netnûmer | (+48) 33 | |
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Simmertiid | UTC+2 | |
| Offisjele webside | ||
| www.oswiecim.pl | ||
| Kaart | ||
Oświęcim (Dútsk: Auschwitz) is in stêd yn it Poalske woiwodskip Lyts-Poalen, 64 kilometer besúdwesten Krakau. Oświęcim is yn it foarste plak bekend fan it konsintraasje- en ferneatigingskamp Auschwitz.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard yn 1179 foar it earst neamd. It hartochdom Auschwitz en Zator wie sûnt 1327 in fazalsteat fan Bohemen en waard letter eigendom fan de hartoggen fan Teschen. Yn 1457 kocht de Poalske kening Kasimir IV it plak. Nei de earste Poalske dieling kaam de stêd yn 1773 oan Eastenryk, wêrfan't de hearskers harren no ek "hartoch fan Auschwitz" neamden. Yn dy steat hearde it gebiet oan it Keninkryk Galysje en Lodomerye. Oars as it oarepart fan dat kroanlân wie Auschwitz sûnt 1818 part fan it Dútske Bûn.
De stêd kaam, lykas ôfspraat wie by it Ferdrach fan Saint-Germain, nei de Earste Wrâldoarloch oan Poalen, mar waard yn 1939 troch Nazy-Dútslân ferovere. Yn 1940 waard útein set mei de bou fan it konsintraasjekamp Auschwitz. Stadichoan waard dat kamp it sintrum fan in grut netwurk fan allerhanne grutte en lytse kampen. It ferneatigingskamp Auschwitz-Birkenau waakste út ta it grutste moardfabryk fan de nazy's. Sûnt 1945 heart de stêd wer by Poalen.
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Citroen, Hans, & Barbara Starzyńska (2011). Auschwitz-Oświęcim. Rotterdam : Post Editions. 220 p. ISBN 978-94-6083-040-2 (Ned. uitg.), ISBN 978-94-6083-050-1 (Eng. uitg.), ISBN 978-94-6083-054-9 (Dui. uitg.). INHOUD: Mythe en werkelijkheid over de relatie tussen de stad en het vernietigingscomplex, vanaf WO-II tot 2010. Mei foto’s.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
