Springe nei ynhâld

Linus (paus)

Ut Wikipedy
Linus
   kristlik lieder
Paus Linus
Paus Linus
amt en titulatuer
tsjerkeRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdombisdom Rome
sitHillige Sit
amtsperioade67-76
foargongerPetrus
opfolgerAnakletus I
hillichferklearring
hjeldei23 septimber

De hillige paus Linus10Rome, 76) wie tusken 67 en 76 de twadde paus.

Linus wurdt beskôge as de opfolger fan Petrus as biskop fan Rome. Irenaeus fan Lyon beskôget Linus as deselde persoan as dy dêr't de apostel Paulus it oer hat yn 2. Timoteüs 4:21. Under syn pontifikaat waarden de earste 15 biskoppen beneamd. Paus Linus kaam út de regio Tuskia, in histoaryske goa yn Italië.

Eusebius skriuwt dat Linus tolve jier biskop fan Rome west hat (fan sa'n 66 oant 78).

Neffens de Liber Pontificalis ('it Boek fan Pausen') soe er de marteldea stoarn wêze: Martyrio coronatur, wis is dat lykwols net.

De Roomsk-katolike Tsjerke ferearret him as hillige; syn feestdei is 23 septimber. Neffens de offisjele pauslist fan it Fatikaan wie er paus fan 67 oant 76.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Pausen yn 'e 1ste iuw

Petrus · Linus · Anakletus I · Klemins I · Evaristus


· · Berjocht bewurkje