Keizerearn
| keizerearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Aquila heliaca | ||||||||||||
| Savigny, 1809 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast trekfûgel stânfûgel |
De keizerearn (Aquila heliaca) is in fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). Sûnt de ôfspjalting fan 'e yn Spanje briedende Spaanske keizerearn (Aquila adalberti) wurdt dizze earn ek wol de eastlike keizerearn neamd.
Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De keizerearn is in grutte earn dy't 70 oant 83 sentimeter lang wurdt mei in wjukspanne fan 175 oant 205 sm. Wyfkes binne wat grutter as mantsjes. In folwoeksen keizerearn is swartbrún mei in ljochte, gielbrune kop en nekke. Opfallend is it wite plak op it skouder (mar net op 'e wjuk lykas by de Spaanske keizerearn). De sturt is bandearre en hat in brede, donkere einbân. In keizerearn kriget nei fiif jier it folwoeksen fearrekleed. As juvenyl hat de soarte yn 'e ferskillende stadia fan it fearrekleed in soad fan 'e keningsearn (Aquila chrysaetos). Trochstrings hat de keizerearn in koartere sturt.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keizerearnen briede fan Súdeast-Europa oant en mei Mongoalje en oerwinterje fan 'e Nyldelling ôf oant yn streken yn Súd- en East-Aazje.
It biotoop bestiet út in iepen agrarysk lânskip mei beamgroepen, ôfwiksele troch steppegebieten yn it leechlân. Troch ferfolging is dizze earn yn it easten fan syn ferspriedingsgebiet weromkrongen oant yn berchgebieten oant op 1000 meter boppe de seespegel mei montaan bosk. Yn Nederlân is de fûgel in tige seldsume swalker.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeistige trend fan dizze wiidfersprate soarte is net wis, mar der wurdt fan útgien dat er stadichoan efterútgiet. Tusken 1970 en 1990 naam de populaasje troch habitatferlies en ferfolging rap ôf, wêrnei't de ôfname yn 'e jierren 1990 en iere jierren 2000 wat belune. De soarte hat in lange generaasjedoer (sawat 18 jier) en de populaasje (neffens rûzing fan 2020 sawat 16.000 oant 20.000 folwoeksen bisten) bliuwt in stik lytser as trije generaasjes lyn. Fanwegen de rappe ôfname tusken 1970 en 2000, wurdt der tocht dat de totale ôfname fan 1971 oant 2025 30 oant 49% west hat.
Yn Jeropa wurdt de populaasje rûsd op 1.900 oant 3.000 briedpearen. Dat komt oerien mei 3.900 oant 6.000 folwoeksen bisten (BirdLife International 2021). Europa foarmet likernôch 30% fan it totale briedgebiet. De hiele wrâldpopulaasje wurdt op 16.000 oant 20.000 folwoeksen bisten rûsd.
Bedrigingen binne feroarings yn syn libbensgebiet, lykas it ferdwinen fan grutte, âlde beammen en it oergean op yntinsivere lânbou, wêrtroch't ek it bestân oan proaidieren, lykas de sisel (Spermophilus citellus), ôfnimt. Dêrnjonken stjerre fûgels troch botsings mei elektrisiteitstriedden en is der yllegale jacht op en hannel yn dizze grutte rôffûgels. Dêrfandinne hat de keizerearn de status kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Echte earn
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
