Caen
| Caen | ||
| Abbaye aux Hommes | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Normandje | |
| Departemint | Calvados | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 109.400 (2023)[1] | |
| Oerflak | 25,7 km² | |
| Befolkingsticht. | 4.257 ynw./km² | |
| Stêdekloft | 216.647 (2023) | |
| Hichte | 2-73 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 14000 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Koördinaten | 49° 10' N 0° 22' W | |
| Offisjele webside | ||
| caen.fr | ||
| Kaart | ||
Caen is in stêd yn it Frânske departemint Calvados yn 'e regio Normandje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Romeinske tiid stie Caen bekend as "Catumagos", ôflaat fan 'e Gallyske wurden magos (fjild) en catu (striid). De delsetting stelde doe net it measte foar en dat bleau de hiele Romeinske tiid sa. Pas ûnder de hartoggen fan Normandje waard it in plak mei betjutting.

Healwei de 11e iuw keazen Willem de Oermasterer en keniginne Mathilde Caen ta harren residinsje. Willem troude sûnder tastimming fan 'e paus mei Mathilde fan Flaanderen, in efternicht. Om boete te dwaan stiften hja yn Caen elts in Benediktynsk kleaster: de "Abbaye aux Hommes" foar muontsen en de "Abbaye aux Dames" foar nonnen. Dêr tusken yn stiet it kastiel, dy't oarspronklik ek troch Willem boud is. De stêd wie mei Rouen haadstêd fan it hartochdom Normandje en erfde in tige grutte rykdom oan arsjitektuer, dat foar in part ferlern gyng by de gefjochten yn 1944 om Caen. Op 21 maaie 1204 foel Caen yn 'e hannen fan Filip II fan Frankryk en mei de rest fan Normandje waard de stêd sûnt ûnderdiel fan it keninkryk Frankryk. Lykas Rouen wurdt de stêd yn Frankryk ek wol de stêd fan 'e 100 tuorren neamd, al is dat hjoed-de-dei wol wat oerdreaun.
Yn 1346 late kening Edwert III fan Ingelân de plondering fan 'e stêd. Tocht waard dat in belis fan in pear wiken nedich wie, mar op 26 july 1346 koe it leger de stêd al yn in dei ynnimme. Tûzenen minsken waarden fermoarde en it hannelssintrum waard yn 'e bran stutsen. It kastiel lykwols hold hoek en de belegering bleau dêr sûnder resultaat. In pear dagen letter lieten de Ingelsen de plondere stêd efter harren en marsjearden fierder nei it easten foar harren fiktoarje by de Slach by Crécy. Letter waard de stêd yn 1417 troch Hindrik V fan Ingelân op 'e nij oermastere. De stêd joech it net fuort op en bea wjerstân, mar waard dêr swier foar straft om't it de earste stêd wie dy't ferset bea tsjin de Ingelske fjildtocht. Yn 1450 wisten de Frânsen de stêd werom te feroverjen.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de stêd foar 70% ferneatige, mar in soad monuminten binne wer opboud en restaurearre. Ta neitins oan 'e Twadde Wrâldkriich hat de stêd it Fredesmonumint bouwe litten, dat oer de hiele wrâld ferneamd is fanwegen de betinkings dy't dêr alle jierren plakfine. It Mémorial de Caen is op 'e musea fan it Île-de-France nei ien fan 'e drokst besochte musea fan it lân.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Caen leit 15 kilometer fan It Kanaal. Under Napoleon III waard in kanaal njonken de Orne oanlein om 'e stêd in permaninte ferbining mei de see te jaan. In slûs hâldt it tij bûten en soarget der foar dat gruttere skippen de haven fan Caen altiten ynfarre kinne. De stêd hat mei in oerset in ferbining mei Porthsmouth yn it suden fan Ingelân.
De river de Orne streamt troch Caen en fierder in pear lytsere rivierkes, dy't de sammelnamme "les Odons" hawwe. De rivierkes binne fanwegen hygiënyske omstannigheden ûndergrûnsk makke. Yn Caen leit midden yn 'e stêd in 60 hektare grutte iepen flakte, dat "La prairie" neamd wurdt. It gebiet stiet ûnder wetter as de Orne it wetter net ferwurkje kin.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2006 | 2018 |
| Ynwennertal | 91.336 | 110.262 | 119.640 | 114.068 | 112.846 | 113.987 | 110.399 | 105.512 |
| Boarnen: Cassini en INSEE | ||||||||
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't Caen swier te lijen hân hat ûnder it geweld fan 'e Twadde Wrâldkriich, binne der noch in pear strjitten mei âlde bebouwing. Yn 'e Rue Froide, Rue Écuyère en de Rue Saint-Pierre stiet noch âlde bebouwing mei fakwurkhûzen. Ek yn 'e wyk Saint-Martin is noch âlde bebouwing út it tiidrek 1880-1910 mei art-nouveauhûzen.
Chateau de Caen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Château de Caen is ien fan 'e grutste midsiuwske forten fan Europa en op 'e heuvel lizzend dominearret it de stêd. Oarspronklik oanlein yn opdracht fan Willem de Oermasterer waard yn 'e 12e iuw in donjon tafoege. Yn 1204 waard it kastiel ferovere troch de Frânske kroan. Tusken de 13e en 15e iuw fûnen der útwreidings en fersterkings plak. Tsjintwurdich tsjinnet it kastiel as ûnderkommen fan it Musée des Beaux-Arts de Caen en it Musée de Normandie.
Abdijen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om boete te dwaan stiften Willem de Oermasterer en syn frou en nicht Mathilde fan Flaanderen elts in abdij:
De Abbaye aux Hommes waard yn 1063 foltôge en oan Sint-Stefanus wijd. De earste abt wie Lanfranc. De Frânske Revolúsje makke in ein oan 'e abdij en de abdijtsjerke waard sûnt in parochytsjerke. It gebou oan it súdlike dwersskip fan 'e Sint-Stefanustsjerke (Église St.-Etienne) is hjoeddedei yn tsjinst as Hôtel de Ville. Tagelyk mei de Abbaye aux Hommes waard oan 'e westlike kant fan 'e boarch de Abbaye aux Dames stifte. De oanhingers fan 'e Frânske Revolúsje makken ek in ein oan dy abdij; de nonnen waarden út harren kleaster ferdreaun. Yn 'e tiid fan 'e Restauraasje waarden de abdijgebouwen yn 1823 in sikehûs en krigen Augustynske nonnen de noed oer de pasjinten tawiisd, wylst de oan 'e Trije-ienheid wijde abdijtsjerke in parochytsjerke waard. Yn it koer fan 'e tsjerke is it grêf fan keninginne Mathilde. De krypt is útsûnderlik goed bewarre en fral de kapitelen dêr binne keunsthistoarysk weardefol.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De tusken de 13e en 16e iuw boude Église Saint-Pierre (Sint-Petrustsjerke) waard yn 1944 slim skeind, mar neitiid rekonstruearre.
- Muontsen fan 'e Abbaye aux Hommes bouden tsjin 'e ein fan 'e 11e iuw de Saint-Nicolas.
- De Église Saint-Jean is yn 'e 14e boud en yn 'e 15e iuw ferboud yn flamboyante styl.
- Fan 'e Église Saint-Étienne-le-Vieux bleau nei 1944 allinne it koer en de krusingstoer stean, nei't de tsjerke troch in alliearde granaat rekke waard, dy't ornearre wie foar in Dútske tank. It skip fan 'e tsjerke waard ferneatige en nei de kriich net wer rekonstruearre.
- De 16e-iuwske Église Saint-Sauveur hiet foar 1802 Notre-Dame-de-Froide-Rue en moat net betiizge wurde mei de Église du Vieux Saint-Sauveur.
- De Église Notre-Dame-de-la-Gloriette waard tsjin 'e ein fan 'e 17e iuw troch de jezuïeten boud. De tsjerke waard yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje ûntwijd, mar yn 1802 werom jûn oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
- De Chapelle Saint-Georges op it terrein fan 'e boarch is tsjintwurdich in betinkingsplak ta neitins fan 'e fallen soldaten yn 1944.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Musée de Normandie
- Musée des beaux-arts de Caen
- Mémorial pour la Paix
- Frac Normandie Caen
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
